biografie - biography - biografy - biographie - biografio

Nan’n AnkieNan’n Nanne & Ankie AnkieNan’n Ankie

 
 

Biografy

 
Nanne Kalma & Ankie van der Meer  
Talen   a - Nederlands    b - English    c - Frysk    d - francais    e - Esperanto 

Jierren lang al spylje Ankie en Nanne tegearre. Ynearsten yn Irolt, letter yn de groepen Kat yn 't Seil, Liereliet en Kajto. 
Mei dizze groepen - en ek tegearre - sjongend yn it Frysk, it Nederlânsk en it Esperanto, brochten se rom fjirtich albums út op LP en CD en makken en meitsje se regelmjittich konsert-toernees yn it bûtenlân, net allinnich yn Europa mar ek yn Noard-Amearika, Austraalje en Azië. 

Wat de teksten fan harren lieten oanbelanget, Nanne en Ankie beheine harren net en sjonge oer alle soarten fan saken. Maritime en histoaryske thema's spylje bij harren in grutte rol, mar likegoed besjonge se komyske foarfallen út it deistige libben. Ek hâlde se der fan om Fryske poëzij op muzyk te setten. 

Yn binnen- en bûtenlân, op grutte en lytse poadia, yn konsertsealen, tsjerken en kroegen, op boaten en op strjitte, op festivals, kofje-konserten en kulturele jûnen, yn de 'liete-workshops' dy't se fersoargje of wêr dan ek mar: oeral en altyd bringe Ankie en Nanne mei humor in programma, taspitst op de sitewaasje. 
Bij de konserten begeliede se harsels op ynstruminten as gitaar, mandoline, concertina en skalmei. Biografie.htmlEngels.htmlFrans.htmlEsperanto.htmlshapeimage_3_link_0shapeimage_3_link_1shapeimage_3_link_2shapeimage_3_link_3shapeimage_3_link_4